Bernebibel

Bernebibel

Abonnementkosten: € 32.50
Beschrijving: Yn de Bernebibel steane 25 bibelferhalen Ășt it Alde en it Nije Testamint mei koarte teksten en grutte yllustraasjes. De ferhalen wurde ienfĂąldich en oansprekkend ferteld yn eigentiidske en op bern rjochte taal. Mei de waarme en kleurrike yllustraasjes fan Marijke ten Cate - mei in protte details - fertelle se it ferhaal fan de skepping oant de dei dat Jezus weromkomme sil.Ut it Alde Testamint komme nĂȘst de bekende ferhalen oer de skepping en Noach ek minder bekende ferhalen oan bod, lykas it wer opbouwen fan de muorren fan Jeruzalem Ă»nder lieding fan Nehemia.Ut it Nije Testamint is Ă»nder mear keazen foar de berte en it libben fan Jezus, SacheĂŒs, de reizen fan Paulus en de fisioenen fan Johannes.De teksten binne skreaun troch seis betĂ»fte berneboekeskriuwers. De AfĂ»k soarge foar de oersetting.De oarspronklike Ăștjefte yn it NederlĂąnsk, de Prentenbijbel, ferskynde foar it earst yn 2008 en kaam tagelyk ek Ășt yn it DĂștsk, en dĂȘrnei yn it FrĂąnsk en it Noarsk.

Dit artikel wordt u aangeboden door: Wannaboeks-Algemeen
Mail dit artikel naar een vriend / kennis / familielid

© 2024 Boeken koop je op boekshoponline.nl  |  Wij hebben momenteel 82119 artikelen in ons bestand