Jan Drost, hynders en hynderark

Jan Drost, hynders en hynderark

Abonnementkosten: € 12.50
Beschrijving: Yn dit boek fertelt Jan Drost it ferhaal fan syn libben as jonge Ășt in hĂșshĂąlding fan 16. Yn prachtige, sfearfolle taal fertelt er hoeât it der by harren thĂșs oan ta gong. Der waard altyd hurd wurke, want, saât heit Drost sei: âIt iten komt hjir net fansels op âe tafel.❠Mar der wie ek tiid om spultsjes te dwaan en gasten wiene altyd wolkom. Jan wist al jong dat hy mear fan hynders wist as fan rekkenjen en taal en kaam op in spesjale skoalle terjochte. Earst hie er it dĂȘr op in pypfol, want in master dyât net iens wist wat tuskenriden wie soe him wol net safolle leare kinne tocht er, mar dat foel ta. Lykwols, salangât Jan op it lĂąn wie, by de hynders, by heit, dyât him alles learde, dan fielde er him yn syn elemint. Letter krige er ek ynteresse yn famkes en hie it omgean mei de leafde earder yn de slach as it rekkenjen op skoalle. Tegearre mei it famke dat him lokkich makke sette hy him ta wenjen yn in boufallich hĂșske oan de seedyk by Ferwert. Mar dĂȘr spile him letter ek it grutte drama yn Jan syn libben ĂŽf. Hy hie it tige dreech om de tried wer op te pakken. Lokkich hie er syn hynders, dyât him der altyd trochskuorre as er it dreech hat yn syn libben. Sytse Jouta hat it ferhaal fan Jan Drost opskreaun en hy hat it skitterend ferwurde, yn passende, ienfĂąldige taal mei each foar it Fryske boerelibben. Troch al de ynformaasje oer it Ăąlde boere-ark dat Jan yn syn libben sammele hat, hat it ek in protte dokumintĂȘre wearde. Saât Jan altyd fuort sjen kinne oft in wein in echte Miedema is, is oan dit boek te sjen, dat it om in tige autentyk stikje Fryske skiednis giet.

Dit artikel wordt u aangeboden door: Wannaboeks-Algemeen
Mail dit artikel naar een vriend / kennis / familielid

© 2024 Boeken koop je op boekshoponline.nl  |  Wij hebben momenteel 82119 artikelen in ons bestand