It kritysk kerwei

It kritysk kerwei

Abonnementkosten: € 19.50
Beschrijving: Dizze bondel mei in kar fan Wadman Ășt syn kritiken en skĂŽgingen Ășt de jierren fyftich en sechstich kin sjoen wurde as in ferfolch fan Kritysk konfoai Ășt 1951 (ek yn de 'Nije biblioteek' opnommen). It meastepart fan de kritiken hat stien yn de Frysk-literĂȘre rubryk dy't Wadman fan 1953 oant 1962 fersoarge yn de Fryske edysje fan Het Vrije Volk. Ut de ynlieding: 'As der yn dit kritysk wurk foar de Fryske proazaliteratuer oer in oerhearskjende tendins te bespeuren falt, is it de langst nei mear originaliteit fan tematyk, nei mear romte, geografysk én mentaal, om it faak benypte Fryske fermidden hinne en nei mear ambachtlikheid yn it skriuw-métier. De rop om 'Europeesk peil', dy't fuort nei 1945 sa lĂ»d en sa faak opklonk, is hjir net folle mear fan te fernimmen.' De fernijingen Ășt de jierren sechstich koe Wadman net kritysk begeliede, omdat er doe al ophĂąlden wie by Het Vrije Volk. 'Sadwaande is Trinus Riemersma de dĂ»ns Ă»ntsprongen en haw ik ek figueren as Ypk fan der Fear en Rink van der Velde net konsekwint as resinsint folgje kinnen. Yn de poezykritiken sil de opmerksume lĂȘzer faaks de tekens bespeure dat de skriuwer [âŠ] letter it kontakt mei 'de poezy' frijwat kwytreitsje soe.' It boek befettet in sa folslein mooglike bibliografy fan Wadman oer it tiidrek 1950-1971. Dizze twadde printing is de werĂștjefte fan de earste printing Ășt 1990.

Dit artikel wordt u aangeboden door: Wannaboeks-Algemeen
Mail dit artikel naar een vriend / kennis / familielid

© 2024 Boeken koop je op boekshoponline.nl  |  Wij hebben momenteel 82119 artikelen in ons bestand