Fergut

Fergut

Abonnementkosten: € 16.00
Beschrijving: FergĂșt is in Britse ridderroman, mei as haadpersoan in sljochtwei boerejonge, dyât Ășteinlik ridder wurdt. De tekst datearret Ășt de twadde helte fan de 13de ieu. It is it sĂșksesferhaal fan in soan fan boer Somilet en syn frou, dyât wĂČl fan adel is. De jonge, troch syn strange heit oan ât wurk set efter de ploege, sjocht de jachtstoet fan de kening foarbygean. Dat makket yn him de winsk wekker om ek nei ât hof ta. Hy ferpoft it swiere wurk langer en freget wapens. Syn heit, earst poer, jout ta, as syn mem foar him opkomt. Mei in rustige wapenrissing giet er op wei. Op syn hynder rydt er de grutte hofseal fan Artur yn en wurdt ta ridder slein. Hy kriget de drege opdracht de Swarte Ridder te ferslaan en in jachthoarn en in wale te heljen. Dat is de tradisjonele queeste (speurtocht). FergĂșt slacht oare oanfallers net dea, mar stjoert har nei Artur syn hof. Underweis moetet er de moaie Galine, in omkesizzer fan de slothear, dyât him gastfrij Ă»ntfongen hie. Galine Ă»ntflammet fuort yn leafde foar FergĂșt.FergĂșt is in fleurich, optimistysk boek yn geef, hjoeddeisk en linich Frysk oerset troch Klaas Bruinsma. It boek past yn in rige klassike middelnederlĂąnske teksten, dĂȘrât earder de folgjende Ăștjeften yn ferskynden: Marike fan Nijmegen/Elkenien, Floaris en Blankefloar, de roman fan Walewein. Fan Bruinsma ferskynde by Elikser ek de oersetting De Striid tusken Froasken en MĂ»zen, in luftige parody op de Ilias fan Homerus. De boeken fan Bruinsma wurde goed Ă»ntfongen, mei wurdearring foar syn rike taalskat en orizjinaliteit.

Dit artikel wordt u aangeboden door: Wannaboeks-Algemeen
Mail dit artikel naar een vriend / kennis / familielid

© 2024 Boeken koop je op boekshoponline.nl  |  Wij hebben momenteel 82119 artikelen in ons bestand