De wylde boerinne

De wylde boerinne

Abonnementkosten: € 16.00
Beschrijving: Boerinne en widdofrou Broersma jout har buorman Lammers blau, in lyts en ûnsjoch mantsje, mar wol boer op in grutte pleats. As wraak ûntseit Lammers frou Broersma it rjocht fan reed, foar har needsaaklik as ferbining mei de bûtenwrâld. It konflikt tusken beide graniten karakters wurdt pas beslikke mei de dea fan beiden. De wylde boerinne fan Teatse E. Holtrop wurdt beskôge as syn masterwurk yn proaza. It ferhaal waard al yn 1915 publisearre yn Swanneblommen mar pas sechstjin jier letter as in novelle yn boekfoarm útjûn. In Hollânsktalige oersetting waard bekroane mei de haadpriis yn in wedstriid fan it literêre tydskrift De Gids. Yn 2007 ferskynde De wylde boerinne by útjouwerij Perio as byldferhaal. Dit boek is in werútjefte fan de earste printing fan de sammelbondel út 1979, mei in ynlieding fan besoarger Jacobus Knol.

Dit artikel wordt u aangeboden door: Wannaboeks-Algemeen
Mail dit artikel naar een vriend / kennis / familielid

© 2024 Boeken koop je op boekshoponline.nl  |  Wij hebben momenteel 82119 artikelen in ons bestand