De reüny

De reüny

Abonnementkosten: € 17.00
Beschrijving: Jacob hat al jierren net mear oan syn jeugd yn Fryslân tocht. Hy wennet yn België en hat it drok genôch mei syn suksesfolle automatisearringsbedriuw. Oant der op in dei in brief troch de bus rûgelet oer in reüny. De inisjatyfnimmers binne syn jeugdleafde, de ûnbegryplike Maria, en twa oare bandleden: Maria har man Jehannes en Jacob syn âlde maat, de toarstige Arnold. Sy wolle de âwereldbandâ Splitz, dyât yn har jonge jierren saân sukses hie yn Hollum, op âldjiersnacht opnij ta libben bringe mei in in fantastysk konsert. Jacob hat der earst net folle sin oan. Hy is wrantelich omdat alles blykber al regele is en hy der mei goed fatsoen net mear ûnderút kin. Mar geandewei krijt er de geast en komme de âlde ferhalen fan dy bysûndere tiid wer by him boppe. Yn dizze roman tekenet Freddy Scheltema op tige humoristyske en sfearfolle wize opkomst en ûndergong fan in doarpsband út Fryslân. Yn de oanrin nei it konsert komme gloarieuze mominten en fantastyske erfarings boppe. Mar ek skeel en âld sear, leafde en ferlies. It boek ferdivedearret en ferrast oan âe ein ta.

Dit artikel wordt u aangeboden door: Wannaboeks-Algemeen
Mail dit artikel naar een vriend / kennis / familielid

© 2024 Boeken koop je op boekshoponline.nl  |  Wij hebben momenteel 82119 artikelen in ons bestand